Subtraktive kleurminging

It ideäle mingskema by subtraktive kleurminging.
In mingskema fan wat der yn 'e praktyk resultearret út subtraktive kleurminging sûnder tafoeging fan swart.

Subtraktive kleurminging is in proses foar it mingen fan ferskillende kleuren. Dizze soarte fan kleurminging ûntstie troch selektive absorpsje fan it wite ljocht troch ien of mear ferskillende kleurstoffen. Dy kleurstoffen kinne as lytse dieltsjes trochinoar mongen wêze, lykas by ferve of inket, of se kinne yn opinoar folgjende transparante lagen sitte, lykas by filters foar bygelyks teäterbeljochting.

De term 'subtraktyf' komt út it Latyn: subtrahere betsjut "ôflûken". By subtraktive kleurminging wurdt begûn mei wyt, en dêr wurde primêre kleuren ôfhelle. Dat is krekt it tsjinstelde proses fan additive kleurminging, wêrby't ljocht fan ferskillende kleuren mongen wurdt troch mei neat (swart) te begjinnen en dêrby op te tellen.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search